Ferliking fan de Jeropeeske ferkearsbuorden

De ferkearsbuorden fan de Jeropeeske lannen ferskille yn oansjen, dochs binne yn grutte halen frij gelyk. Dat komt yn haadsaak troch it Ferdrach fan Wenen oangeande ferkearstekens fan 1968. Yn dat ferdrach stiet bygelyks dat in warskôgingsboerd in trijehoeke is mei in punt nei boppe mei reade râne deromhinne en in wite of giele eftergrûn of yn rjochthoekige diamantefoarm mei in swarte râne en in giele eftergrûn. Elts lân hat de romte en folje sels de ynhâld yn.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy